Loslitte
“No ha wy noch neat fan dy jonge heard.” seit myn man.
“Dat kin ek noch net.” sis ik; “Hy is juster pas fuort gong.”
“Ja mar,” seit er; “hy hie wol efkes melde kinnen dat er oankaam wie. Hy fleant gelokkich mei de KLM, dy is wol aerdich betrouber. Der komme hjoeddedei sa folle nei ûnderen.” giet er fierder.
“Nò moast ophâlde.” sis ik; “Der is ek noch wat sa as betrouwen, nèt? En dy fleanmasine-ûngemakken… dat falt o sa mei. Der binne mear deaden yn it ferkear.”
En sa giet it petear tusken dy beide fierder. De iene jut de oare op en de oare docht oars neat as delbêdzjen.
Âlders moatte loslitte kinne. It begjint al by de berte; it moat as selfstânnich wêzen opwaakse en letter syn eigen wei fine.
“Ik ha al hiel wat flechten makke en de sfear is prima.” seit letter de mail.
Ùs paraglider… wy sille dy geane litte moatte . Wy ha der muoite mei mar libje dyn eigen libben sa as sto it foar eagen haste.
Moai! Ek de foto..die haw ik ek noch yn myn alde “dagboek”
Hertferskuorrend loslitte en hoopje dat gjinien de eigenens bedimmet of tinke wat der wol net barre kin. De tiid fan oanfurdigjen, mar ek fan van rêst.
Loslitte , witte wy alles fan en dêrom sil er altiid eangst..bliuwe…
Dat kin ik hiel goed begripe.