Ferrekte sear
“Hy hat my ferrekte sear dien.” seit er. Ik stean by myn freon, de Spjirrebeam.
“Hoe no?” sis ik. Hy sjocht er ûnwanmoedich ùt. Ja, sis mar oant syn woartels ta kwetst.
“Wat is er oan de hân? Fertel it my no mar. Do kinst my dochs alles fertelle.” sis ik.
Hy seit neat. Mar troch oanhâlden fan myn kant komt it er hoartend en stoartend ut.
“Dy fint achter ùs hie lêst fan myn nullen en myn bloed, do wist wol; myn hars. Sa no en dan, as it heal tsjuster wie, seage er in tûke fan myn lea ôf. En no hat er okkerdeis in ljedder by my opset. En rimpen en ûnmeilydsum hat hy my te fiter naam.“
“En no moat ik it lêste eintsje fan myn libben skeint trocht it libben gean.”
Hy is ûntreastber. “Seagje my mar om.” seit er.
“Jonge,” sis ik; “de foarkant fan dy is prachtich. En dy rotfint sjocht no ùt op de keale achterkant fan dy. Ik bin hiel grutsk op dy, do wist net heal hoe. Do bist de moaiste beam ùt de wide omkriten.”
Ik sjoch hoe syn stamme rjochter wurd en de tûken en nullen wer oerein komme.
“Mar it die wol ferrekte sear.” seit er noch es …