Oanklauwt
Ik ha in nije kompjûter. ‘Prachtich‘ sille jimme sizze. Dat is ek sa mar alle programma’s ùt de âlde PC moasten oer set wurde yn de nije. Dat wie net san poepetoer mar de Fryske oersetting… dat wòl.
En der sûnder kin ik net. Foar myn eigen blog Tidenhawwetiden.nl ha ik him nedich en mei alles wat ik fierder doch op de kompjûter.
Regelmjittich wurd ik attindearre troch lêzers as foarbygongers op myn Fryske skriuwen. In man ùt Ljouwert melde, ik moast net yn it Frysk skriuwe; it wie in blamaazje foar de Fryske taal.
Mar hoe kin ik as rasechte Fries my ferwurdzje yn it Hollânsk?
Wer kin ik myn gedachten en gefoelens better bleat jaan as yn myn eigen memmetaal? Oars wurde it dochs ferhaaltsjes sûnder ynhâld?
Lokkich ha ik in soan dy my helpe wol. Oardel dei hat hy wurk hân om de Fryske Staveringshifker yn MsWord te krijen. Ik freegje my ôf werom stiet neist de Nederlânske fertaling net de Fryske op ùs kompjûters? It is dochs de twadde erkende taal?
Der fâlt noch in hiele striid te winnen foar as it sa fier is, tink ik.
Oanklauwt? Nè hear. Tank sy de Fryske Staveringshifker en de soan is it ynoarder kaam.
Over de taal ga ik niets zeggen omdat ik er geen mening over heb.
Maar het filmpje is prachtig!