Te keap
Oeral om ùs hinne steane buorden yn de tùn: ‘Te Koop’ (as by Friezen dy hun net ferbrekke wolle; ‘Te Keap’).
As ik mei de hûn de buorren yn gean stiet hast yn elke tùn in boerd.
It komt my foar dat elkenien genoch hat fan syn omjouwing. Se hawwe lang wachtsje moatten want se koene hun hûs oan de strjittesteannen net kwyt.
Myn buorman sil nei Kurasau. Syn frou is der berne en nei dat se ûntslach krige hat wol se wêrom. Achter en neist ùs binne flechtelingen kaam. It iene hûs Irakesen en oan de oare kant Syriërs.
Yn koarte tiid is de buert feroare en ynternasjonaal wurden. Ik moat wenne; in praatsje mei de minsken dy ik elke dei tsjin kaam is foarbij.
Net ien freget my mear hoe as it mei my as mei de hûn giet. Kreaze fersoarge tùntsjes sjogge er ferwyldere ùt want dat binne se ommers net went?
We moatte nije freonskippen opbouwe en dat hat tiid nedich. Fertriet en lok moatte op in djoer wer mei-inoar dield wurde kinne.
– TE KEAP –
It komt my foar dat er folle mear ferkocht is dan it hûs allinnich …
Ohja, dat geloof ik ook, allemaal bedoel ik. Maar dat de mensen je niet vragen hoe het met je gaat komt omdat zij geen Fries praten en jij geen Irakees, als je nu net als zij op Nederlandse les gaat komt het wel goed (op den duur).