Ylùzje
Ùt de fierte stiet hy al te weauwen en ik swaai ùtbundich werom. In neef fan myn manskant komt sa no en dan es oer. En dan ha wy altyd in tige slagge dei en fine dan ek fan alles ùt.
Sa as nei it Frysk Museum en it âlde diel fan de stêd Ljouwert besjen. Dea wurrich falle wy dan op in terras del en mei in bak kofje beprate wat wy sa al sjoen hawwe.
Juster ha wy in stikje Tsjerkepaad dien.
Earst nei de kapel yn Haskerdiken. Aebele Trijsburg eksposeare dêr, in noch jonge keunstner. Hy neamd it sels Mimetische Keunst.
Hy seit er sels fan; “De ylùzje is it belangrykste. We werkenne de ôfbieldingen en tinke wat it foarstelle moat. Mar sjogge nèt dat it oars is wat wy tinke.”
Lokkich hie ik ùs neef mei, mei keunst moast net by my wêze …
Dernei nei de Meniste Tsjerke op It Fean dy krekt allyn klear kaam is nei in grûnige restauraasje. Ek der hiene se in tentoanstelling fan skilderijen en foto`s makke troch eigen leden. Mei leafde en soarch gearstald. Gastfrij waarden wy ûnthelle mei kofje en ùtlis oer gebouwen en restauraasje.
Ik wiuw him nei oant de trein ùt it sicht is.
Ylùzje?
Nè. Dizze freonskip is écht …