“Kinst my helpe?” seit er wanhopich tsjin myn man.
Wy sitte oan it middeismiel. Hy is op de bank delsige en is syn rie ten ein. Hy hat in bedriuw yn boere-ark. Myn man en hy binne beide ûndernimmers en derby goeie freonen.
Se beprate in protte tegearre en bertrouwe mekoar. Se witte fan mekoar wat wy ek sizze it bliuwt under ùs.
“Ik kin myn wurknimmers de leanen en it fakânsjejild net mear ùtbetelje.” seit er fertrietlik. “Ik sil sjen.” seit myn man en hat mei him te dwaan.
Sa sein sa dien; de freon kin wer fierder mei syn saken. Nei in skofke moat myn man noch es byspringe.
De freon kriget nei ferrin fan tiid in nije baan as direkteur fan in bûtenlânskbedriuw en ferhuzet. Hy docht it goed dêr ha wy fernommen. Mar de freonskip wie oer; wy hawwe nea wer fan him heard.
“Hast er ek spyt fan dast him do holpen hast?” freegje ik myn man. “Nè,” seit er; “ik soe it sa wer dwaan mar wol mei oare kondysjes.”
Syn betrouwen yn de minske hat in flinke knau krige. Hy is hoedener wurden.
Freonskip. Betsjut op inoar oankinne.