Tiden hawwe tiden

Region-CaptureÙt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; “Wat soe dat betsjutte… ‘ùt neat ûntstien?'”

Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske.

“Us memmeminske moat in webside hawwe.” sei de soan.

Ik smiet it yn earste ynstânsje fier fan my ôf. Wa soe op myn oprispingen sitte te wachtsjen?

It soe oer gewoane deistige avontoerkes gean, naam ik my foar. Literêr alhielendal net fan bestsjutting. “Set er mar yn wat mem kwyt wol. It makket neat ùt wat.” sei er noch.

Stadich oan, om dy jonge net ôf te fallen, kamen de earste stikjes. En dat binne er hiel wat wurden. Meastal gongen se oer gewoane minsken dy ik moete yn myn deistich bestean.

Ek koe ik der myn gefoelens en emoasjes yn kwyt, somstiden mei in laits en in trien.

Tanke wol soan foar dyn help en stimulearjen!

Tiden hawwe tiden

LÊS EK:  A.O.W.
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>