Ûnrêst
“Hast it hjir alwer feroare?” seit in goed kunde en sjocht meunsterjend om har hinne.
Guon freonen sizze al neat mear. Dy witte fan myn ûnrêst. Ik ha in kwaal; as it meubilêr langer as in moanne op it selde plak stiet moat it oars.
As bern hie ik it al. As de famylje him klear makke om nei `t tsjerke te gean dan hie ik pineholle. Se wiene de doar noch net ùt as de stuollen en tafels stienen bûtendoar yn de tùn. As in gek wie ik dan dwaande want in ûre wie sa foarby. Lokkich wiene er faaks duminys dy lang fan stof wiene dan hie ik gelok.
Faak hie ik sneintemoarns pineholle. Ûs heit begreep dat wol, dat hie hy ek mar nèt om dy reden.
Ik moat sizze; dy kwaal is noait oergong. Mar dat lju der wrantelich fan wurde dat ha ik noait begrepen. San skoanmem hie ik ek, dy koe der net oer en liet dat ek goed merkbite.
En nò ha ik “Wonen & Co” fan de Ljouwerter Krante foar my lizzen en sjoch om my hinne.
De ûnrêst slacht wer ta …
Wer in tige noflik stikje, us memmeminske. Ik moest in bytsje leitsje want heartiids koe ik wolris gek wurde fan al dat ferhuzjen 😉