Buorlju
Ik bin oan it pankoekbakken. Net allinne foar ùs sels mar ek foar de buorren.
Myn buorman sil mei syn freondinne nei Amerika. Sy hat yn Ohio twa soanen wenjen. De iene sil trouwe en der wolle se by wèze.
Hy hat noch noait yn in fleantùch sitten en de taal sprekt hy ek net. Mar hy hat Beitske by him en dy sil de kommende wiken tolk foar him wêze.
Ik bin de lêste pankoeken oan bakken, dan ha se de lêste dei der gjin drokte mear mei.
It sil my benije hoe as dit giet. Ik tink dat hy it leafst thus bliuwe soe mar dat sil hy nea merkbite litte. “As ik unwennich wurd kin ik net earder thùs komme.” seit er tsjin my mei in gesicht dat boekdielen sprekt.
We nimme ôfskie fan elkoar, ik krij in tùt en in earm om my hinne wat ik fan him net went bin. Wylts betink ik my dat ik him misse sil.
We swaaie oant se de bocht om binne.
Buorlju.
3.635