Loslitte

paragliding-o“Goeie.” seit er; “Oant oer twa wike.” En fuort is hy, swier bepakke, mei tweintich kilo guod op de rech.

Silst net te heech fleane!” rop ik noch mar it antwurd ferwaaid om ùs hinne. Hy sil nei India mei in grutte ynternasjonale Paraglidersgroep.

Jûns krije wy berjocht; “Ik bin op Londen Airport, moat in oere wachtsje en dan oerstappe nei New Delhi.”

Ik fertrouw dat lân net.” seit myn man. “Werom net?” freegje ik; “It is in prachtich lân.

En sa giet it petear tusken ùs beide in skoft troch. Wy hawwe beide muoite mei loslitten mar wol it fan elkoar net witte.

Der is in fleantùch delhelle yn de woestijn fan de Sinai.” seit er; “Soene dy lju ek aktyf wêze yn India?

Geweldich, mem! It is hjirre super! It is san moai lân!” seit de e-mail.

Moai jonge.” sis ik; “Slach dyn flerken mar ùt. Wy folgje dy.

Loslitte. Jildt dat net foar it hiele libben?

12208666_934447416630537_3771937378028259902_n

LÊS EK:  In jonkje mei sûker
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>