As ik dij net hie

dunsje“As ik dij net hie.” seit er en giet efter my stean.

Ik bin drok dwaande mei de stofsûger wer`t wat ynsit wat der net yn thùsheard.

Noch ris seit er; “As ik dij nèt hie.

Hoe sa?” sis ik, “Dan hiest in oar frommeske hân. En miskyn wol ien dy`t folle skranderder en kreazer wie dan ik.

“Nè,” seit er twingent;ik bedoel dij. Doe ik dy foar it earst seach tocht ik; ‘dit is se.’

Ik set de stofsûger del en sis; “Is it no net wat let om dat te sizzen? Wy hawwe al in hiel libben efter ùs.

“Ik woe it dy allang sizze.” seit er; “Mar it kaam der net fan.”

Dizze leafdesbetsjûging komt ûnferwachts, ik bin in bytsje fan`t stik. No `t wy âlder wurde hawwe mekoar mear nedich. Soe dat it wêze? As komt it troch de Krystdagen? Dan wurdt in minske somstiden wat sentiminteel.

Ach jonge,” sis ik; “it is goed it hat altyd goed west. Wolst efkes helpe mei dat ferhipte ding ? Hy is noch ferstoppe.

Ik bin ynienen ferkâlden. Hoe kin dat no? As ik dy net hie …

LÊS EK:  "Wa wie ùs mem?"
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>