Gemeentehûs
“Waar is het stadhuis , mevrouw?” freget in âlder echtpear my.
Ik rin dr bylâns en wiis op it gebouw neist my.
Efkes letter freget in man; “Waar kan ik hier parkeren? Ik moet naar het gemeentehuis maar weet niet waar ik moet zijn.”
Wêrom is it gemeentehûs fan it Hearrenfean sa untfynber? Wy hawwe in prachtige gebou –Crackstate– mar der is yn de rin fan de tiid fan alles oanbreide.
Men rekket der fan yn `e tizen. De gemeente fan it Hearrenfean timmert graach oan de wei en wol as Sportstêd oer de hiele wrâld bekend weze. Soene wy net sichtberder wêze moatte tichte by hûs?
It is ùteinlik is ‘it hûs fan ùs allegearre’. Eartiids wie it dùdlik; der stie dan mei grutte letters op “Gemeentehuis“.
Ik moat mar yn `t tsjinst fan de gemeente de lju te wurd stean en ferhelje hoe `n moaie gemeente wy hawwe. (..)