Mankelikens
Ik wit net hoe as it jim fergiet mar de earste dagen fan it nijjier bin ik oars as oars. De feestdagen fan gesellichheid en waarmte binne foarby. Ik rin as in aaisike hûn troch it hûs.
De brod moat oprêden wurde. Sa gau as de feestdagen foarby binne moat by my alles oprêden wurde .
It hat mei gefoel te meitsjen; ik moat it âlde jier loslitte. Minsken der`t ik fan hâlden ha binne er net mear. Te hege ferwachtingen binne er west wat op neat utrûn is.
De mankelikens slacht ta. Oprêde moat ik, ik nim my foar; earst by mysels te begjinnen.
De fersiering fan myn libbens- beam smyt ik der earst ùt, dy ha ik net mear nedich. De nullen fan de beam wurde mei in soart sekuerens byelkoar socht. Wat doch ik mei de krystbâllen? Ik sjoch mijsels der yn en wurd der net bliid fan.
Mankelikens… it is goed om efterom te sjen mar we krije altiid wer nijje kânsen om it oer te dwaan.
3.263
Mear fan dit:
Category:
Oer mijsels, Samar