Famyljesiik
Earst nei myn broer boppe my. Te pas as te unpas. Ier yn de moarn as let yn de jûn. “Hoe giet it mei jimme?” freegje ik dan. En nea seit hy; “It past no net.” Hy wie sunich en woe my noait knikkers line want ik ferlear altyd.
Der boppe siet myn suster. Dy wie strang, sy moast altiid op my passe en dat die se mei oertsjûging wol sa dat it my somstiden beneare.
Dan kaam myn âldste broer; hy stie altiid foar my klear. “Kin ik ek wat fan dy liene?” sei ik dan as ik wer es blut wie.
En grif struts er de hân oer`t hert. “Hâld it mar.” sei er dan gol. Hy wist dat er der neat fan werom seach.
En dat is noch sa; we hawwe in hiele hechte ban en kinne mekoar dei en nacht skilje.
Se kenne my en fine neat nuver as ik fremde setten ha. “Sy is no ienkear sa.” sizze se en der wurd gjin inkel wurd oan smoarg makke.
Wat is no moaier om jo sels te wezen en sokke bruorren en susters te hawwen?
Famyljesiik. Dat bin ik.