Liende tiid
Der lizze twa grutte wite brieven op de doarmatte. Gjin blauwe, dy binne ùt de tiid.
Jo moatte it no fia in DigID dwaan sizze se. Ik gean der by sitten want ik bin nijskjirrich wurden.
De grutste brief is in rouwbrief fan in nicht fan myn man. Ik ha har eartiids wol ris metten. Hja makke har eigen tsiis en sette dy oan `e kant fan `e dyk. De klanten rêden har sels en smieten it jild yn in bus.
“Is dat wol fertroud?” frege ik har.
“Ja hear,” sei se; “ik mis noait wat. Gjin tsiis en gjin jild.”
Yn gedachten tear ik de brief ticht. “De famyljerûnte wurd lytser.” sis ik tsjin myn man. “Wy libje stadichoan yn liende tiid.” seit er mankelyk.
De twadde brief is in ùtnoeging om in sechtich jierrich houlik te fieren. En dat makket my nò bliid!. It libben fiere no it noch kin mei de dierberen om jin hinne.
Liende tiid…
Ik neam it jûne tiid!
2.965
Category:
Minsken