Wedstrydsje
Mei it fingerke kin er krekt by it boppeste kezyn komme. De iene drip nei de oare rint dan mei faasje nei underen.
Hy hâld in wedstrydsje waard it earste under is, hy jout se ek nammen. De iene hjit Jabik, de oaren binne Ynse en Jitse. Oh ja; Sijke docht ek mei. Se binne neamd nei minsken ùt syn omjouwing.
Sùntsjes spoart hy se oan. Troch dat de sinne op it rut falt wurde de drippen peareltsjes. Se hawwe prachtige kleuren, hy is der hieledâl troch biologearre.
Omdat heit yn it tsjerkeriedsbankje siet moast hy sneinstemoarns mei. Hy moast in foarbylt wêze foar oare bern, fûn heit. Wat dûmny sei begriep hy neat fan.
Mar as de dûmny op dreef wie en syn stem utskeat begûnen de drippen hurder te rinnen. En dan wie it oanpoatsjen foar it jonkje want dan wiene de peareltsjes net by te hâlden.
“Dat wie it rut.” seit myn man as we by it tsjerkje stil stean. De drippen rinne net mear; it tsjerkje is in doarpshûs wurden.
Wedstrydsje …