Meitinker
Ien fan ùs jonges hat dat regele. Earlik sein hie ik der noch nea fan heard. Omdat de soan fûn dat wy wol wat help brûke koene, hie hy dizze moeting regele. Yn earste ynstânsje like it my opfleanen. “Wy binne noch fierste flink.” sis ik tsjin him. “Wy kinne, as er wat komt, jimme net helpe.” seit er; “Ik wenje te fier fuort en myn broer hat wurk om ùtens.” En sa sit Mustafa by ùs oan de kofje. In hiel ynnimmende jong feint. Om wat tichter byelkoar te kommen stelt hy him earst foar. As jongkje fan trije mei syn âlders meikommen ùt Turkije. Ik hingje oan syn lippen; wat witte wy no fan ùs meiboargers? Wylts ik my tige ynteressearje foar syn eftergrûn en djip yn syn ferhaal sit, seit de Meitinker: “Zullen wij nu maar ter zake komen?” en hellet papier en penne foart ljocht. Wiidweidich begjint er oer de ‘Meitinkers’, hoe dy op it med fan help meitinke en oplossingen jaan kinne. As er ùtpraat is betankje ik him en sis by de doar: “Help ha wy noch net nedich mar kom mar es om in bakje kofje. Dan ha wy it er noch es oer…”