Netwinske bisite
“Buurvrouw!” ropt in stim. It lûd komt ùt in flat achter my. “Is het goed dat ik even bij u kom zitten? Ik neem wel in drankje mee.” Foar dat ik der wat tsjinyn bringe kin rattelt er al immen oan it thùnhikje.
Der stiet er in grutte brune, breedskoudere man voor my. In soarte fan bodybuilder, ik ha him wol es metten.
“Heeft u glazen?” seit er; “Ik heb mijn eigen drankje meegenomen. Houd u van Wodka? Ik meng die meestal met cola.”
“No né.” sis ik; “Ik ha myn eigen drankje.” en nip fan myn tee dy yntiid kâld wurden is.
Wer hy wei kommen is. Syn mem wie in Deenske, syn heit in Arabier en fia Rotterdam binne se yn Fryslân telâne kaam.
It petear kriget in oare winning. De Wodka begjint te wurkjen. Hy is wurkleas en jout de oerheid de skuld. Ek de Amerikanen, de Joaden en de Kristenen krije der fan lâns. ‘Al dy oanslaggen en oarlogen, dat is de skuld fan it grutte jild’ seit er mei in grimmitich gesicht.
Hy wol him ta wenjen sette yn Almere, seit er; der binne mear donkere minsken, der falt hy net sa op.
Ik gean oerein en huverje. “It wurd my hjir te kâld.”
Efkes letter hear ik it thùnhikje ticht klappen.
Netwinske bisite…. Brr.