Hannen
Hy sit tsjin oer my, syn hân om de knop fan de stok. De trouring om de oare finger want dy is te rom wurden.
Ik sit foar him oer en ynienen falle myn eagen op syn hannen. Under it petear dat wy hawwe, ferteld hy wiidweidich wat him eartiids oerkaam is. Ik kin dy ferhalen en kin se ùt de holle. Mar ik doch krekt as is it de earste kear.
En sa falt myn each op dy iene hân dy `t hy om `e stok klemme hat.
De hân dy hiel wat meimakke hat. Moaie en minder moaie dingen. Blauwe ieren slingerje oer de hân hinne.
Dy hân hat leaf hân mar ek wol ferkrampe west fan lilkens. Ek hat hy wol es mei lege hannen stien by it ferlies fan in bern.
As sa it net gong yn it bedriuw sa hy it woe. En bedondere waard troch minsken wert hy de hân foar ynt fjoer stekke soe.
Betrouwen yn de minsken is troch de rin fan de jierren minder wurden. Se hawwe grutte groeven efter litten.
Mar lokkich kin de hân noch altiid striele en krêft jaan.
Wat ‘n dierber teltsje…
Dit fûn ik hjoed yn in âlde map.
Wy binne elkoar net kwytrekke
Do wiest wiis mei my
en ik wie wiis mei dy
Wy begrepen elkoar
Wy leunden op de oar
en wy wiene ta stipe foar de oar
Wy holden inoar stiif fêst
en lieten elkoar nea sitte
leafde, trou en nea de fleur ferlieze
Elkoar fêst hâlde der giet it om…