Moetingen
Ik sit op in bank by de yngong en fernuverje my oer de kommende en geande minsken. ‘Wat frjemd,’ tink ik by mysels; ‘dat er safolle soarten lju binne, grutte en lytse, donkere en ljochte.’
Neist my sit in âlde frou yn in weintsje, se is fêst makke mei riemen. Ik krij meilijen mei har, se sit hjir al lang sûnder dat ien om har bekommerit.
‘Moatte jo wachtsje op ien?’ freegje ik har. ‘Op `e taksje mar dy sit yn `t ferkear fêst.’
Yntiid is er in jong frommeske yn in rolstoel neist my delset. Se hat in poppe op `e skoat, goed ynpakt. Ik sjoch allinnich mar in protsje donker hier. ‘Dy is noch net sa âld wol?’ sis ik. ‘Justerjûn berne en no mei ik al nei hûs.’ seit se.
“Bist klear?’ ropt in jonge man; ‘de auto stiet foar.’ Bliid geane se mei hun trijen op hûs oan.
“Komt mem?’ ropt de soan; ‘Alles wie goed.’
Ek wy geane mei in goed gefoel op hûs ta.
Moetingen.