Lilk
Ik bin lilk. Ik sil jimme sizze wêrom.
In ferpleechster dy ùs sa no en dan opsiket, sei; ‘Jo moatte sjen om in alarmknop foar jo man. Want as jo fuort binne en hy falt, dan kin hy op dy knop drukke.’
Sa sein, sa dien. Earst mar nei de hûsdokter skilje. ‘Dat wurdt dreech,’ seit de assistinte; ‘de fersekering fan jo man is net sa noflik.’
En ja hear… in skofke letter skillet it frommiske fan de fersekering. Ik moast ‘wat mear de doar ùt’, ik wie ‘net lang genoch fan hûs’ seit se.
Do frege se as wy ek thùssoarch hiene en as dat net sa wie, dan wie it ek net needsaaklik.
‘Ja mar,’ sis ik; ‘de oerheid wol dochs dat de âlderein sa lang mooglik thùs bliuwe ? Werom dan net mei in pear oanpassingen? Is ek noch folle goedkeaper.’
Soene wy net mei inoar massaal de alarmknop brûke moatte?
It giet my fier boppe de pet ….
Lilk.
Je soene hast sizze dat in gps tracker mei it goede tillefoannummer it ek soe moatte kinne.
http://www.gadgetsformobiledevices.nl/home/88-bluetooth-gps-tracker-sleutelhanger.html
http://www.janox.nl/bluetooth-gps-tracker