Wist noch wol?
“Wat hasto dochs mei it doarp?” seit myn suster. Se hat nea wat hân mei ùs doarp wert wy berne en opwaakse binne.
Ik wol. Fan jongs ôf oan wie it myn doarp. De minsken wert ik allinnich de foarnamme fan koe mar net de efternamme. Hun aardichheden en onaardichheden dy wist elken ien.
Der wie in kristelike en in iepebiere skoalle. ‘In fine en in grauwe’ sei min wol. Der wiene Herfoarme, Grifformearden en Menisten. De grutte brêge wie de grins; sneins gong elk nei syn eigen tsjerke. Der wie do ien Jehova tsjûge en in ynkele roomske dy gong nei Jirnsum.
Yn de oarloch learden wy inoar pas goed kinnen. Wy wisten fan elkoar; dy is fertrouwd en dy net dus pas op!
Mar foar it grutste part foarmen de doarpsgenoaten ien front tsjin oer de agressor.
Oantinkens fan eartiid komme somstiden samar by my boppe.
Hoe wy swommen yn de feart en ljipaaien sochten yn de maitiid. Mei myn bruorren it lân yn te fierljeppen. Myn earste feintsje wert ik stikem mei yn it singeltsje rûn. Grul, de skuonmakker dy neist de skoalle wenne en alle dagen de learkes fan ùs kleppers meitsje moast.
We hiene altyd bisten wert wat oan mankearre, in hûn sûnder poat en in kreupele kat. Kninen dy fet meste waarden foar de Krystdagen mar dy wy temûk los lieten as it safier wie.
“Wist noch wol?” sis ik tsjin myn suster.
Se begjint oer it waar …
Mooi dorp en dit is een mooi verhaal.
Op it Frysk Film Archief binne noch filmkes te sjen, mar je hearre de minsken net praten.
Miskien komme by jo noch in pear moaie ferhalen boppe wetter.
http://www.archieven.nl/nl/zoeken?mistart=0&mivast=0&mizig=47&miadt=158&milang=nl&misort=last_mod%7Cdesc&miview=ldt&mizk_alle=oldeboorn
Ik wit noch in hiel soart fan eartiids. De minsken by namme en tanamme. Ik kin de gesichten noch dudlik foar my krije. Fremd hè ! Myn suster hie dat net en myn bruorren ek net. Mar ik hâld fan minsken hja binne boeiend. Der is net ien gelyk.
Wat fûn ik de ferhalen moai as ús mem fertelde oer de minsken fan har doarp. Se koe sa moai ferhale. En bytiden tocht ik it bestiet net, mar dan wie it dochs sa (somtiden mei in kerreltsje sâlt).