It toatsje
Jan Terlouw hat wat sein yn ‘De Wereld Draait Door’ by Matthijs van Nieuwkerk. En as Jan Terlouw wat seit, dan moat jo wol efkes ophâlde wert jo mei dwaande binne.
Mar dizze kear wie it oars; hy hie it no es net oer syn boeken mar oer de moraal fan hjoed-de-dei. Hy bedoelde er mei dat it fertrouwen yn de minske foart is.
Wy fertrouwe elkoar net mear.
As metafoar neamde hy it touwtsje ùt de brievebus fan eartiids. By ùs stie de efterdoar altyd iepen sa as by eltsenien
Eltse jûn wurdt by ùs it thûnhek mei in swier slot ticht dien. Ek nei achten dogge wy de doar net mear iepen. Foar en achter hûs binne flits lampen kaam dy geregeld oan geane as ùs kat er lâns giet.
‘Moat it no sa?’ tink ik dan by mysels.
Ik langje wer nei de tiid fan do ik lyts wie. Do ùs mem it jild yn it flesserek by de dyk sette en Jeen it wiksel jild wêrom lei.
Wannear soe dat fertrouwen yn elkoar wêrom komme?
As binne dy tiden foargoed foarby?
Mar hoe de tiden ek feroarje meie, ik bliuw leauwen yn it toutsje. It toutsje dat minsken meielkoar ferbynt, wat foar kleur, ras as leauwen dan ek.
2.776