Mankelikens
Ik stean foar `t rùt, er hinget in dikke mist. De strjitten lizze er ferlitten by. It is stil, de measte lju hawwe tusken de feestdagen frij naam.
Sokke dagen komt de bedriuwichheid let op gong. As it no de mist is as it ferlittende ùtsicht der oerfalt my in gefoel fan mankelikens.
‘Wat is dat dochs?’ freegje ik my sels ôf; ‘Dat ik san hekel ha oan de dagen tusken Kryst en Âld & Nij? It binne lege dagen, sûnder betsjuttng.’
De krystbeam sjocht my ferwitend oan as ik him begjin ut te kleien. Ik praat tsjin him en liz ùt werom. “Omdat ik my sa fiel.” sis ik; “Der past gjin oerdied fan ljocht by.”
Ik gean op `e grûn sitten om de lêste slingers dr ùt te plùzjen. Wylts de beam stadich oan untmantele wurd, geane myn tinzen werom.
Myn suster dy hommels weirekke en goekunde dy wy misse moasten. Ik wit wol: it wiene minsken fan âldens mar sommige litte in leech plak achter. Ùs hûn dy wy nei sântsjen jier mei in protte triennen bedobbe hawwe.
Ik sjoch nei bûten: de sinne wrakselet him in paad troch mist flarden hinne.
Ynienen tink ik; ‘Dat moast sto dochs èk kinne.’ en rjochtsje myn rêch …
Mankelikens …
Efkes n digitale earm om dy hinne…ondanks alles ‘n goeie jierwikseling tawinske foar jim beiden