
Ik draai my om. ‘Dat binne wer lette besikers fan It Houtsje as fan It Skûtsje.” betink ik my.
Mar it hâld mar oan. Ek yn it goeie ear hear ik: “Laila! Laila!”
Oeren oan ien giet it troch. Ik kin Laila wol sjitte sa stadich oan. Der sit neat op; ik moat mar es sjen wa `t Laila is.
Twa manlju steane by ùs achter hûs. Unrêstich rinne se hinne en wer. Ik gean nei bûten; “Siikje jimme wat?” freegje ik.
“We siikje Laila.” sizze se.
“Wa is dat?” freegje ik.
De hiele nacht binne se al oan it siikjen. Hy hat al syn maten ùt it tehûs byelkoar skarrele en mar roppe en mar siikje.
“Moatte jimme net nei `t asyl skilje ?” freegje ik; “Miskyn is hy der hinne brocht.”
“Ha wy al dien.” seit de iene wert Laila fan is.
“Miskyn is hy dea rieden.” oppenearret ien. Dat falt net goed by de oare manlju. Fertwivele sjogge se mekoar oan. Hoe moat it no fierder sûnder Laila?
Ik nim my foar om moarn in nije Laila te heljen.