
Se komt te tee drinken hat se my witte litten. Se is net samar besite; ik ha har noch nea sjoen. En dochs kin ik har al hast toch en troch.
Dat sit sa; ik ha har kennen leard fia har en myn skriuwsels. Oer en wer fertelden wy elkoar wat ùs sa al dwaande hâld. Stadichoan gongen de petearen djipper.
We ferhellen oer de pine by it ferlies fan in dierbre.
Ik sjoch noch es om my hinne. Se kin sa komme. En dan stoppet er in auto, in frou stapt ùt.
Dit moat Anna wêze.
Ik slach de earmen om har hinne. ‘Kom mar gau mei.’ sis ik; ‘De tee is rè.’
It wurdt in gesellige middei. We hoege net mei elkoar yn de kunde te kommen, we witte ommers alles al fan elkoar. Al dy ferhalen komme sprekkend oerien mei dit frommeske.
Anna.