Fiksje as werklikheid
“Dat is seker in stikje oer Ynse, do wist wol wa ik bedoel. Dat kin net hear.” seit in oarenien mei in kromke ferwyt in har stim.
“Wie dat jimme heit der sto oer skreaun hast?” seit in freondinne; “Ik wist net dat it san aparte man wie.”
“Né,” sis ik; “it ferhaal giet oer in hiel oar persoan.”
Ik hâld fan minsken, elts is wer oars. Minsken falle my op.
En as it oer famylje as oer goekunde giet, moat ik der oer skriuwe kinne.
Mar om oer famylje te skriuwen dat leit dreger, der moat jo foarsichtich mei wêze.
“Sa ha ik ùs mem nea kennen,” seit myn broer. In oare broer seit: “Sa wie se krekt.”
Elk fan ùs hat in oare kant fan it minske kinnen leard.
“Meist wol oer my skriuwe hear.” seit ùs mem dan; “As it mar gjin lulferhaaltsjes binne …”
Fiksje as werklikheid, jo moatte it beskriuwe kinne.
En sa is it mar krekt: eltsenien syn of har persoanlike blik, kleure troch it ferline…
In minske hat in soart kanten, en dan hawwe it noch net iens oer de binnenkant…