It is stil om ùs hinne. In protte minsken binne al op`n paad. De stilte wurdt allinnich fersteurd troch fûgels en it ferkear yn de fierte. In trein lit witte dat er der oan komt.
Dan ynienen ropt se; “Tink er om!” In grutte moaie brune flinter mei oranje en wite wjukken giet op myn knibbel sitten.
“Stil sitten bliuwe hear.” seit se noch es.
“Wêrom?” sis ik.
“Dat is ùs Jelmer.” seit se.
In pear jier ferlyn hat se in soan ferlern oan kanker. Yn ferskate bisten sjocht sy him werom kommen.
Dan komt er in selde flinter neist him sitten.
“Wa is no Jelmer?” freegje ik.
“Wit ik net. Dy it langst sitten bliuwt, tink ik.” seit se.
Efkes letter fleane se in rûntsje om ùs holle en fuort binne se.
Wat is dat dochs mei minsken dat se hun dierberen werom sjogge yn blommen en bisten? Se hawwe se nea los litte kinnen, tink ik. De groede is noch altyd te farsk.
“Dag Jelmer,” sis ik; “komst mar gauris wer.”
Dy Jelmer…