BoerenBlij

“Wolle jimme es mei my nei Boerenblij, freget se.

“Wat is dat krek?” freegje ik. Ik ha der wol es fan heard mar dan hâldt it op.

“Dat is in soarchbuorkerij foar âlderen en foar jongeren dy swirrichheden krige ha mei hja ûnthâld. Ek lju dy troch in ûngemak as sykte harsensskansearring krige ha.”

In tige entûsiaste frou komt ùs temjitte. Se stelt har foar as “Cassy van den Bosch. Manager”. Sis mar de frou wert alles om draait.

We krije earst in rûnlieding.

Ik reitsje stadichoan ûnder yndruk. Twa grutte stabij’s mei wiveljende sturten hjitte ùs wolkom .Oeral om de pleats hinne komme we bisten tsjin; skiep, hinnen en geiten. En wat sa aardich is; oeral binne sitsjes makke. Mei in kachel derby, sa kin men der ek mei suterich waar byelkoar sitte.

Ek gean se yn groepkes te kuierjen. Oranje festjes oan sa dat hja ùt de fierte werkenber binne.

Fol fjoer giet se fierder en ferhellit oer it libben fan alle dei. De gasten wurde hielendâl frij litten yn hja dwaan en litten. Wolle se skoffelje as harkje yn de tùn as leaver telefysje sjen? It mei allegearre. De  haadsaak is dat hja gelokkich binne en hja frij fiele.

Nei de rûngang om `e pleats en in wiidweidich petear fan beide kanten geane wy oan `e kofje.

Der strielit san leafde en passy fan dizze frou ùt, der wol ik letter wol hinne as it mei my safier is.

BoerenBlij is foarâl de neidruk op  BLIJ

LÊS EK:  Weemoedigens

comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>