Dei-behanneling
Nei in moane lis ik wer op ‘e dei-behanneling fan `t sikehûs. De earste ynjeksje hat neat holpen.
“Dan mar de twadde.” seit de spesjelist; “We sille it dizze kear goed oanpakke.”
“Wat bedoele jo dermei?” sis ik eangstich. Ik ha in gloedige hekel oan pine. It is mear it ongewisse tink ik.
Mei myn famylje ha ik it wiidweidich oerhân. As it mislearret dan witte jimme wert alles leit. Ik nim myn man mei nei de kuolkast; der is hy altyd goed yn thus west, dat skeelt.
De soan wiis ik wert de banksaken lizze en sis mei neidruk; “Tink er om dast it byhâldst. Jimme moatte gjin doarwaarders om `e tiennen hawwe.”
Nei dit alles regele te hawwen, wit elts wat hy dwaan moat. Nei dat ik de kattebak goed folle ha, bin ik der hielendâl klear foar.
Ik stap yn de taksje, nei wiuwd troch de efter bliuwers. Op de dei-behanneling stiet it bed al klear. Leave susters haine my op. Bekinde gesichten laitsje my ta, ek sy moatte it noch es ondergean.
Dan helje se my op nei de operaasjekeamer. Wat my it earste opfâlt; se prate allegearre Frysk en meitsje grappen onderling. Fremd, ik er wurd ynienen rêstich fan.
In snerpjende pine giet troch myn rech, oant de tiennen ta. “Sa,” seit er; “dit moat foldwaande wêze. De blokkade yn jo wervels kin jo net mear pleagje.” Wiidweidich betankje ik him en syn assistenten .
Thùs kommen is er aardich romte kaam yn de kuolkast en ek de doarwaarder hat net west.
Tankber lis ik efkes letter ûnderùt. Ik ha it wer oprêden ….
Dei-behanneling.
In soad sterkte Wokke!
Tige tank, it minste ha ik hân.
Au. hoop dat het dit keer goed helpt
Ik ha altyd hope…
Wy hâlde moed,