Ferrek
“Ferhip.” sei ùs mem dan. It betsjutte it selde mar it kaam wat sefter oer. Mar yn in bekrûping fan nidegens sis jo wol es wat.
Samar sûnder wat hurds te iten falt er in stik tosk ùt myn mûle. Ferline wike ek al, do ik foar it earst op besite wie by de nije buorren. Do koe ik it noch wat behimmelje want jo wolle in oar net witte litte dat de ofbraak ek by jin taslein is.
Ik ha, sa as jimme wol merkbite, myn eigen toskeboel noch. Wert ik tige grutsk op bin en op jierdeis fan myn famylje net litte kin om dat underwurp oan te snijen. Want yn tsjinstelling ta my hawwe sy al jierren kunstgebidden en implantaten.
By myn bruorren en suster wie dat noch net oan ‘e oarder.
En dan, as it heal jier om wie, mocht ik wer nei de toskedokter.
Dan siet ik wer neist Sake en de dûmny, dy beide knipt en scheert wurde moasten.
Prachtich fûn ik dy kontrôle besiken, sa hearden jo noch es wat fan/oer de ynwenners fan it doarp.
En mei de ofbraak ferfljocht de tiid.
‘Ferrek.’