Dichtsje

Ach, wat soe ik graach dichtsje wolle. Ik ha it faak besocht mar al gau lei de grûn besiede mei mislearre gedichten.

Hoe ha dy dichters it dochs? freegje ik my ôf.

Moaie wurden binne er genoch, foaral yn de Fryske taal. Mar om yn it gemoed fan minsken te kommen, sis mar de snaren fan de siel te reitsjen is mear nedich.

En ha jo dan einliks it gedicht klear, dan moatte er noch toanen by. Toanen dy passe by de wurden dy allinnich de lêzer hearre kin. Binne it net de goeie toanen dan giet it gedicht ferlen… it komt net oan. Minsken sille it dan nea fiele en nea oandien wurde.

In goed gedicht moat emoasjes oproppe. Sawol blidens as fertriet, argewaasje as in laits. Moat it ek rymje? freege ik my ôf. Dat wurd wer dreger, fansels.

Yn myn holle komt hiel seft in melody omheech, soe ik er wurden by fine kinne?

Ach, wat soe ik graach dichtsje wolle…

LÊS EK:  Ferrekte sear
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>