Folkslieten

De kûgel is troch de tsjerke. Nei lang geharre war fan ferskate lju en regearpartijen is it sa fier: de folkslieten moatte op skoalle wer leard en song wurde.

In fyn it in goed beslut, myn man dêrtsjinoer fynt fan net. En sa binne wy op de iere moarn oan it diskusearjen en wurde it net iens.

Ik moat earlik sizze; ik hâld fan folkslieten. Foaral fan it Fryske. As er wer in kampioen fan Fryslân op it podium stiet en ùs folksliet wurd song, hâld ik it net droech.

Mar ek as it Wilhelmus earne op de wrâld klinkt bin ik djip rekke.

It komt fan ùt de oarloch, tink ik.

Wy hiene in radio under de matros yn de bedste. En op tiden dat it ridlik feilich wie sette ùs heit Radio Oranje oan en begong de útstjoering mei it Wilhelmus.

Ek op skoalle learden wy it folksliet, lokkich twa kûpletten en net alle fyftsjen. We hiene in master dy der neist ùs ek it Fryske Folksliet learde. En as ien it goed opsizze koe dy krige in moai skrift mei pompeblêden der op.

Eltsenien jong en âld moat it kinne. It heard by ùs bestean.  ûs Frysk en Nederlanner wezen.

Derom sa lyts mooglik begjinne!

Folkslieten.


It Wilhelmus – (ût útstjoering Radio Oranje, 10 meie 1943)
Audio Player

Neikaam berjocht

LÊS EK:  Ferrekte sear
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>