“Hy wol net. Hy wol néat.” seit se opstannich.
Myn beste freondinne komt efkes lâns. Hja is oars as oars bespeur ik wol. Earst mar kofje sette, dan komt se wol los. En dan komt it hege wurd der ùt.
Der is harren in oanleunwenning tasein. In pear jier allyn ha sy har op in wachtlist sette litten fan in fersoargingshûs. ‘Dat wie ferstannich.’ seine de bern. Mar ach, dat wie do en sa sier fuort. ‘Doch mar.’ sei ik.”
“No is it safier en no it er op oankomt wol hy net. ‘Wy binne noch net ûnbehelpsum, wol?’ seit er. ‘Wy kinne mekoar dochs wol helpe en bystean, net? Wy hawwe tegearre dochs slimmere stoarmen troch stien en altiid rêde kinnen.”
“Hy hat muoite mei loslitten. Ik ek wol hear.” giet se fierder; “Mar wy moatte ek nochter bliuwe. Sa as it nò giet hâld ik it net fol.” sucht se.
“Om de klapskeet moat ik wat opsykje. Dan is hy de stok kwyt, dan it gebit en dan wer de bril ensafuorthinne. Ik wol alles wol foar him dwaan, hear, want ik hâld ommers fan him. Mar it hat syn grinzen, fansels. Somstiden krij ik in glandige hekel oan him en dat wol ik ùt noch yn net.” seit se fertritlik.
Loslitte….