Mem moat es oer oare ûnderwurpen skriuwe,” seit er; “dy hjoed-de-dei wichtich binne.”
“En dat is?” freegje ik benijd.
“Nò, ha it es oer seks, metoo as persoanen dy in oar geslacht hawwe. Ensafuorthinne. Dat wolle de lju lêze. It moat interresant wêze. Der moat spanning yn sitte. Dan kriget mem fêst in bulte lêzers.” seit er oertsjûgjend.
Der moat ik oer neitinke. ‘Soe hy gelyk ha?’ freegje ik my ôf.
Ik gean ien foar ien es nei wat hy opsomme.
Seks? Wat moat ik der op sizze? Myn generaasje prate der net sa maklik oer, dat wie prifè. Wol as freondinnen ûnderelkoar eartiids fansels.
Dan komt Metoo wat alle dagen yn de media is. Der stean ik achter, goed dat it iepenbier wurden is.
Froulje as manlju dy homo, lesbisch as transgender binne… litte wy elkoar nimme sa as wy binne. Wa binne wy om der in oardiel oer te hawwen? Wa wy ek binne; it giet dochs om in lokkich minskelibben.
Nò ik alles es sa neirûn ha bliuw ik mar by myn eigen styl; skriuwe oer it gewoane, deistige bestean.
Dan mar gjin bulte lêzers…