Ûnwennigens (3) Mominten Om Te Koesterjen

 

Se binne beide thùs west, de jonges. Wat wie it gesellich. Laitsje, gekjeie en mekoar sa as fan âlds dwers sitte.

As de slokjes op tafel komme wurdt de diskussie yntensiever. It praat komt fansels op de polityk. De iene fynt it in goeie regearing en de oare liket it op fleanen. Al debitearjend sjoch ik mei in skean each nei de klok.

Moat ik no it ieten opsette as net? Mar it binne sokke seldsume mominten dat wy byelkoar binne dat ik bliuw sitten.

No ha se it leauwen by de kop en dat kin wol es ùtrinne wit ik ùt ûnderfining.

De iene soan moat er neat fan hawwe, hy wennet yn de Hoeksche Waard en sjocht alle dagen om him hinne hoe as it nèt moat.

De oare hat in genuanseardere miening oer leauwen. Hy is net in prater en sil him net gau bleat jaan. “Dat is fan mysels.” sei er es. Somstiden tilt hy in tipke op en dan wit ik dat hy wol oer wichtige saken neitinkt.

Se binne beide wer fuort. Der komt in gefoel fan leegte oer my, in soart fan ûnwennigens.

It binne bysûndere mominten dy selden foar komme mar osa kostber binne.

Ûnwennigens…

LÊS EK:  Freonskip
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>