Gryp
We sitte sa wy went binne mei jierdeis: yn in kring. Eartiids siten manlju by manlju en froulje by froulje.
Ik siet as bern altyd by de manlju, dy hiene folle ynterresanter praat fûn ik. Sa no en dan waart ik fuort stoerd, dan hiene hja it oer ûnderwurpen wat ik net hearre mocht.
De manlju dronken jonge jenever mei in skepke sûker as in bearenburgje en de froulje avondmaalswyn as in Advokaatsje mei slachrjemme.
Nei gelang de tiid foardere waart it drokker en lûdroftiger.
As wy as bern de gryp krigen dan makke ùs heit in hjitte grog foar ùs.
Der kaam konjak en sitroen yn mei brune sûker en kokjend wetter. Mei soarch waart dat klearmakke.
“Moarn bist wer better.” sei er dan en streak oer myn koortsige holle. De oare deis wie ik better. Kaam dat no troch de grog as de aai oer myn holle?
“Mei drank moat min oppase.” seit se en leppelt oan har Abbekaat mei slachrjemme. “Do hast gelyk.” sis ik en nim noch in grog. Want moarn ha ik de gryp.
Moai opskreaun, Wokke en foaral in moaie draai oan it ein!
Mooie herinneringen, en een goede vooruitziende blik, voorzorgsmaatregelen kunnen geen kwaad.
Prroost, en vooral: op je gezondheid.
Sjoch, sizze wy. Op in goed en gezond jaar Anna !