Wy rêde ùs best
Hoe giet it mei jimme?” freget de buorfrou by it tôgjen fân de smoargens nei de dyk. “Goed hear.” sis ik; “Wy rêde ùs best.”
“Hoe giet it mei jo man?” freget se rinnende wei. “Best, hear.” sis ik en sis mar net hoe it echt giet; it is in formalteit. Se is hastich en yn gedachten allang wer earne oars.
“Hoe giet it mei jimme?” freget ien fan de tsjerke. “Goed, hear.” sis ik. Wat moat ik derop sizze?
Moat ik fertelle dat hy ferjitlijk wurdt? Dat wy alle dagen nei syn gehoarapperaat, syn stok, syn toffels en syn gebit sykje?
“Hoe giet it thùs?” freget in soan meilibjend oer de telefoan. “Goed hear, wy rêde ùs best.” sis ik.
Dat is ek sa, net ien wurd is ferkeard. It giet goed mei ùs, wy hawwe ommers inoar noch?
“Hast myn skuon ek sjoen?”
“Ik kom er oan!”
Wij rêde ùs best …