Reanimearje
Wolle jo ek reanimeare wurde?” freget de suster wylts se de gerdynen om myn bed ticht lûkt.
“Hoe sa?” freegje ik; “Ik ha allinnich mar de gryp.”
“Dat is standerd.” seit se; “Dat moatte wy freegje.”
“En wat is it telfoannummer? Wa kinne wy skilje as it mis giet?”
“Ik soe it net witte.” sis ik; “Hja wurkje allegearre.”
“Lit mar gewurde. As it sa fier is, dan sis ik it wol.”
“Ne,” seit se; “dat moatte wy fan tefoaren witte. Jo witte it mar noait.”
Se freget my it himd fan it got. ‘Wannear binne jo berne en wat foar jiertal?’ ‘Se is oan it ùtfinen hoe fier de diminsje taslein is.’ giet it troch my hinne.
“Wat foar dei is it hjoed en wat foar datum?” freget se.
Der moast ik oer nei tinke: ik wit wol de datum want it wie oars ùs mem har jierdei west. Mar de dei koe ik my net herinnerje. “Witte jo dat miskyn ek?” freegje ik.
It bliuwt efkes stil. “Nò jo my dat my op de man ôf freegje… Ik wit it ek net.” seit se.
“Dus,” sis ik; “der mankearet neat oan ùs beide kadaster!”
We moatte laitsje, it ies is brutsen tusken ùs. Nei koart oerlis mei har meardere bringe se my op seal. Ik nim my foar om it er mar fan te nimmen. Wannear wurde jo wer sa yn de watten lein?
En dat allegearre troch de gryp.
Fan herte lokwinske mei jow jierdei. In hiele gesellige dei en in goed jier tawinske. Elke dei mei sin en wille en begrip en yn sûnens in goede dei.
Tanke wol Elske, ek foar dy goeie wurden.