Ik sil dy misse…

Wy binne dizze dagen oan it ferhûzjen.

Alles wurdt ynpakt mar dan ek alles. Fêst as los, it giet mei. As ik net oppas en bytiids in stap te bek set, sit ik yn in doaze mei in sterk touw der om hinne.

Wat moat mei en wat nèt? Dat is it kritearium dizze dagen.

Ik wol opromje en hy net. Om earlik te wêzen; it seit my neat. Op in pear dingen fan ùs heit en mem nei.

De pendule dy ùs heit yn de oarloch ruile foar bûterbonnen en ùs mem har befetsje kocht ùt it boelguod fan de herfoarme dûmny: ik kin al dy fehalen en se binne my hiel dierber.

Hoe kin ik no sok guod mei de Lege Knip meijaan?

De minsken komme ien foar ien ôfskie nimmen. Ik kry earmen om my hinne. Se sizze: “Ik sil dy misse!”  

De iene kin it gûlen net litte en de oare snuft wakker.

Wat is no miend?

LÊS EK:  Lit him no mar
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>