Unwennegens
Oeren kin sy troch it rùt nei bûten stoarje.
Sûnt in wike is de basin ferhûze. Werom, dat begrypt sy noch net. Se hiene it sa goed mei elkoar: minske en bist .
Der kaam by; se koe eltse kat en hûn ùt de omjouwing.
Der wie in dikke, grauwe reade kat mar der hat se rap mei ofweve, dy mocht se fuortendaliks al net lije.
Dan wiene er twa fremde magere grize bisten. “Bisten mei papieren.” sei de frou.
En dan wie der noch Sytse, de buorjonge, mar dy hearde er by. “Soe dy har ek misse? Dochs mar es efkes nei freegje.”
Om dan mar net oer de fûgels te hawwen.
Sy koe se stik foar stik. Ek dy hie se passende nammen jûn neigeande ras, kleur en aard.
Mar de fûgels hjirre hjitte oars. En de katten sil se nea efternei sitte kinne.
Want sy sit ommers efter it rùt !
Unwennegens.