Geane jo ek nei it feest?” freget se wylts se it iten op tafel set.
Yn it ramt fan ‘Kulturele Haadstêd fan Europa‘ binne er yn ferskate doarpen yn Fryslân grutte festiviteiten hâlden.
“Sille jo ek it doarp yn?” freget se noch es. “Ik bin in minne rinner en plak om te sitten sil er wol net wêze.” sis ik.
“Nò, dan freegje jo dochs jo beppesizzers gesellich om mei te gean?” “Dy ha ik net.” sis ik.
“Mar dochs wol soanen, net?” freget se. “Ja,” sis ik; “mar dy wenje en wurkje om ùtens.”
“Nò, dan gean de skoandochters dochs mei? Dan kinne jimme ek noch op in terraske sitte..” “Dy ha ik net.” sis ik.
“Nò, dan mar op de fyts. Dan bin jo sels baas.” seit se. “Ik ha gjin fyts.” sis ik .
“Nò, dan gean ik wol mei.” seit se leaf.
En sa geane wy tegearre op wei nei it : Kulturele Feest: fan dizze iuw.