Wachtsje
Ha jo it al heard?” freget de man by de baly en leunt swier op de rollator. De telefoniste draait har mei muoite om. Se is dwaande mei har iPad.
De fraach wurdt noch es herhelle. “Ha jo it al heard?” freget ‘r mei stimferheffing. “Myn frou is fannacht ferstoarn. Samar yn iens. Ik ha it net iens murken…” seit er fertritlik.
Stroffeljend triuwt er de rollator foar him ùt.
Tusken troch is er in femylje oan it ferhûzjen. De manlju sjouwe it swiere guod nei de oanhinger, de froulje it lytse spul. Ik hear se praten: “Nimst sto de âld klok? Der ha ik gjin romte foar.” “Ik ek net.” seit de oare frou; “It moat mar nei de Kringloop.”
Yn tiid komt der in heit mei in stik as wat bern troch de draaidoar. Se hawwe allegearre in boeket blommen yn de hân, de man hat in Oranjekoeke. “Beppe wurdt hjoed hûnderd.” seit it lytste famke tsjn de telefoniste dy noch hieltiid dwaande is mei har berochtsjes.
“Juffrouw?” freget in frou dy yn in oanpaste karre sit. Ik sjoch ien skonk boppe de baly utkommen. “Wannear komt it ieten hjoed?” freget se. De balyjuffrouw sjocht mei argewaasje op. “It wurdt jo wol brocht.” seit se stûmsk.
“Taksje! Komme jo?” Mei muoite gean ik oerein. Yn koarte tiid is er in hiel libben oan my each foarby gong..
Wachtsje…