Tolerânsje
Wolle jo efkes wat oan `e kant gean?” freegje ik de man dy mei twa rollators it paad blokkearet.
Hy sjocht lilk efterom en docht krekt as ik net bestean.
Ik ha in oare scootmobiel oanskaffe, myn âlde wie al moannen stikken. Osa bliid bin ik er mei. Jimme sille wol sizze dat ik net in bytsje oan it oerdriuwen bin. Mar as it jo ienige mogelik is om fan it hiem te kommen, dan binne jo oerâl bliid mei.
Ferhûzje en in nije omjouwing, wert jo ek noch osa oan wenne moatte… dan wolle jo graach fan it ste.
Yntusken ha ik yn de lange gong einliks in plakje fûn foar myn ferfiermiddel. Mar kin ik der wol by stean, freegje ik my sels ôf. Der stiet al in scooter, ien fan grutformaat. De man fan de twa rollators komt er by stean.
“Wa binne jo?” freget er; “Ik bin Tolsma.” en stekt de hân ùt.
Nei dat ik my bekend makke ha skowt er de beide rollators demonstratyf tsjin myn scootmobyl oan. “Dy dingen hearre hjir net.” sei er minachtsjend; “Dit is in hûs foar âlde minsken mei oanpaste weinen en rollators en der hearre jo noch net by.”
“Tosma! Tolsma!” ropt er ien; “Wie der wat?”
Neist ùs komt in oesa foars frommeske stean. Fan har blykt de grutte scooter te wezen. “Ne hear.” seit er en draait him ôm.
“Kom mar neist my stean. Dat kin best.” seit se. Oeren letter kom ik thus en ha ik der in freondinne by.
Tolerânsje.
Ja een beetje aan elkaar denken en je soms in een ander indenken ,dan zou er meer liefde en respeckt zijn .vaak ken je de ander niet en ook kun je vaak niet zien wat een ander mankeert of meedraagt
Ik meitsje my sels der ek wol skuldich oan, ûnbewust….
Moat wol leitsje om Tolsma as ôfkoarting foar Mr. Tolerânsje 😉 Moai dat it al wat begjint te wennen.
It is in trochtinker Elske.