
Fertwivele sjocht se om har hinne. Wer soe se weze?
Wy hawwe nije buorren krige. Hiel aardige minsken sa te sjen.
Hy hat altyd yn de bou sitten en kin er in soart oer ferhelje. Sy is in grutte rizige frou, it moat eartiids in kreas jongfaam west hawwe.
Mar se is bytiden har sels net mear.
Dan feroaret se ynienen yn in oar wezen. Se wurdt opslach in oare persoanlikheid se kriget in swiere stimme as hie se de burd yn de kiel.
Mei uneindich soart geduld en sefte wurdsjes besiket hy syn eigen frou werom te krijen.
Ik kom har tsjin yn de lange gong, se rint fier rjocht op, sûnder stok as rollater .
“Sille we nei hûs ta?” freegje ik en jou har in earm.
“Graach,” seit se; “as it mar nei hûs is.”
It paad bjuster.