Vivaldi
Under de klanken fan de Vier Jaargetijden fan Vivaldi jout myn buorfrou tusken troch lûdop ferslach, as wie se fan de NOS.
Prachtige bylden fan de stêd Venetië gean op in enoarm skerm oan ùs eagen foarby. Grutte gebouwen en enoarme brêgen beheerskje it byld fan de stêd.
As de jaargetijden oer ùs hollen dwarrelje ferhellet de man oer it libben fan de priester, komponist en fiolist Vivaldi.
Wylts der wer in prachtige hege brêge foarby komt seit se;
“As dy mar net nei ûnderen dondert. Dat is krekt fanne wike noch bard, mei in hiel soart deaden.”
De sprekker is undertusken by Vivaldi as priester oankaam en ferhellet fierder oer it libben fan de man.
Heallûd flustert se;
“Soe hy syn hannen wol thús hâlden hawwe?”
Betsjuttings fol sjocht se my oan.
Ik gean oerein, sykje in plakje efteroan en lit de Jaargetijden as maitydsdrippen op my del falle.
Moai stikje!
Tanke…