Dwale
In grutte steatige frou rint foar my ùt. Se hat wat ofwêzichs oer har, de eagen stoarje yn de fierte. Ik werken har as myn buorfrou.
“Goeie.” sis ik mar se seit neat werom.
Myn man is om de krante ùt , dy sil ek wol troch it gebou dwale, it is in hiele toer om it paad hjir te finen.
‘Earst mar nei de buorman’ nim ik my foar. Soe hy witte dat se der op ùt is?
Ik belje oan.
“Witte jo wol dat jo frou underom rint?” freegje ik.
“Wol nè.” seit er; “Se soe nei it hùske ta!”
Efkes letter geane wy tegeare op ‘e sneup, hy nei syn frou en ik nei myn man.
Al gau binne wy ferjitten dat wy oan it sykjen binne nei ùs oarehelten.
“Sille wy er mar by sitten gean?” sis ik en plof op in bank del.
Hy begjint te fertellen wat hy dien hat yn syn libben en ferhellet oer syn frou en bern.
Dan stiket it petear, hy hat it dreech. In grutte wite bûsdoek komt ùt de bûse.
“O, binne jimme hjirre?” seit myn man ungerêst. Hy hat de buorfrou by de hân.
De buorman seit noch gau by de doar; “Sille wy wer es ôfprate as myn frou wer oan it dwalen is?”
“Best.” sis ik.
We hawwe hjoed gjin krante.
Mooi verhaal.
Vrolijke groet,
Hartelijke groet . Wokke.