Lêsklupke Zzzzzzzz...

Sûnt in hoartsje mei ik minsken fan âldens in middei foarlêze.

Earst hie ik sa myn betinkens want wat moat ik lêze? Moatte it gedichten wêze, teltsjes as koarte ferhalen? En dan noch; kin it yn it Frysk as moat it yn it Hollânsk?

Om barrens lêze wy foar wat in bytsje geskikt is foar dizze minsken. 

De earste kear fûl my raar tsjin. Do ik om my hinne seach wie de helte yn sliep fallen. “Ik doch it net mear mei,” sei ik nitelich; “ik kin myn tiid wol oars brûke.”

Om net sleau te dwaan bin ik mar troch gien, it binne ommers minsken dy in fersetsje nedich hawwe.

“Wannear begjint it lêsklupke wer?” freget âlde Bringsma; “ik sjoch er sa nei út!”

En der doch ik it foar. Salang dizze minsken mar in moaie middei hawwe.

Ik pak it boekje fan Marten L. de Boer derby: “Ûs dûmny preket goed, mar hy yt better”. Sukses fersekere 😁

LÊS EK:  Farre
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>