Holland-Amerika Lijn
Mannestimmen fan in shantykoor sjonge oer fiskers dy hun libben lieten op sé. De seal is ofladen en mannichien sjongt mei, kin min de tekst net dan nùndert min gewoan mei.
Neist my sit in kreaze steatige frou -al op leeftyd- se hat wat oer har wat myn oandacht lûkt. Sy sjongt net mei mar stoarret nei it programma.
Se draacht in trainingspak mei in grut embleem fan de “Holland-Amerika” der op.
Dat is men hjir net went fan in frou fan dy âldens. Der moat ik mear fan witte en freegje; “Heeft u gevaren?”
En dan begjint se seft te praten om net te steuren. Se wie frij faam en hie jierren lang hostess west op it grutte ferneamde skip.
En sa befarre wy tegearre de wrâld en ferjitte alles om ùs hinne.
“Nea de leafde fûn?” freegje ik. “Nee,” seit se; “het schip was mijn grote liefde.”
“Velen hebben een prachtige wereldreis gemaakt en daar mocht ik aan mee werken.” seit se mei in glimke.
Ik gean nei hûs, yn gedachten by de hostess fan de Holland-Amerika Lijn.
Fijn stikje wer, us memmeminske. 😉