Ik wol bliuwe …
Ik wol bliuwe.” seit se striidber, de hânnen yn de skelksbûse en de fuotten wiidùt.
Sa stiet se foar my nei dat ik har sein ha dat de bern grut genoch binne en wy ùs sels wol rêdde kinne.
Se wie al jierren by ùs, twa kear yn `e wike kaam se de boel te behimmeljen.
Fergroeid mei ùs hùshâlding. As wy wer es wat kwyt wiene; Frou Stienstra wist wert it lei.
Se naam de telefoan oan en koe sa troch de jierren hinne ùs hiele famylje en goekunde.
Mar se wie net mear nedich.
“Ik wol net foart.” seit se oerstjûr en gûld it ùt.
“Ik wol hjir bliuwe!” ropt se; “Jo hoege my net te belenjen. Ik wol it fergees wol dwaan. It is myn utsje, thùs ha ik neat mear.”
Se is noch in pear jier bleun, oant se troch in auto oanriden waard.
Faaks moat ik noch oan har tinke, bliid dat ik har kinnen ha.
En tankber dat wy wat betsjutte koene yn har kleurleaze bestean.
“Ik wol bliuwe …”